Italo-Westlike talen

Italo-Westlike talen
algemien
lokaasje Súd, Súdwest- en West-Jeropa, Latynsk-Amearika, dielen fan Noard-Amearika en Afrika
tal talen ±59
tal sprekkers ±860 miljoen (2017)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italysk
      ● Latynsk-Faliskysk
         ● Latyn
            ● Romaansk
                ● Italo-Westlik
subgroepen Italo-Dalmatyske talen
Westromaanske talen

De Italo-Westlike talen foarmje yn 'e klassifikaasje fan guon taalkundigen in taalkloft binnen de Romaanske taalfamylje, dêr't de Italo-Dalmatyske en de Westromaanske groepen by ûnderbrocht wurde. De Súdromaanske en Eastromaanske talen wurde dan as aparte groepen sjoen, dy't net ta de Italo-Westlike talen rekkene wurde, mar dêrmei op ien hichte steane. Dizze yndieling is lykwols mear op politike as op taalkundige kritearia basearre, mei't de skiedsline tusken de Westromaanske en Eastromaanske talen eins dwers troch it Italjaanske taalgebiet hinne rint.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search